Wilma Mansveld waarnimmend boargemaster Tytsjerksteradiel

Home > Actueel > Wilma Mansveld waarnimmend boargemaster Tytsjerksteradiel

Wilma Mansveld waarnimmend boargemaster Tytsjerksteradiel

Wilma Mansveld (53, PvdA) is troch Kommissaris fan de Kening John Jorritsma beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Se folget Eric ter Keurs op, dy't hjoed ôfswaaide as boargemaster. De ynstallaasje fan âld-steatssiktaris Mansveld as boargemaster is op 29 augustus.

De in Grins wenjende Wilma Mansveld wie fan 2012 oant en mei 2015 steatssiktaris fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Dêrfoar wie se ûnder oaren oardel jier deputearre fan de provinsje Grinslân, dêr’t se acht jier lid wie fan Provinsjale Steaten.

In delegaasje fan de gemeenterie fan Tytsjerksteradiel hat ynstimd mei de komst fan Wilma Mansveld. Lykas altiten by waarnimmers hat de hear Jorritsma twa kandidaten foardroegen, dêr de gemeentlike delegaasje ien út keazen hat.

Nei de simmer start de proseduere om te kommen ta in Kroanbeneamde boargemaster. Wilma Mansveld is beneamd foar de perioade oant de komst fan de Kroanbeneamde boargemaster.

Op www.t-diel.nl/nieuweburgemeester fine jo mear ynformaasje.