Wurkbesite gemeenteried oan Master Frankeskoalle Earnewâld

Home > Actueel > Wurkbesite gemeenteried oan Master Frankeskoalle Earnewâld

Wurkbesite gemeenteried oan Master Frankeskoalle Earnewâld

Op tongersdei 5 maart 2015 wienen de riedsleden fan Tytsjerksteradiel te gast yn de Master Frankeskoalle yn Earnewâld. Dêr krigen se ynformaasje oer it opknappen fan de skoalle. Gasthearen en -froulju wienen ûnder oaren learkrêften en skoalbestjoer, fertsjintwurdigers fan de pjutte- en berne-opfang, doarpsbelangen, de portefúljehâlder Underwiis. De arsjitekt ljochte syn plannen oan de hân fan tekeningen ta. Der wie yn 'e folop gelegenheid om fragen te stellen. Ofslutend wie der in rûnlieding troch de skoalle.