Douwe Hooijenga

Home > Eefkes foarstelle > Douwe Hooijenga

Douwe Hooijenga

Wenplak: Burgum
Bertedatum: 2 novimber 1987
Berop: ûndernimmer
Hobby: mei graach iten siede foar de hobby en ûntspanning. Dêrneist bin ik fuotbalskiedsrjochter by de KNVB yn de 1ste en de 2e klasse.
Frijwilligerswurk: coach by New Dutch Connections en aktyf belutsen by ús tsjerke,  de Vrije Evangelische Gemeente te Burgum, yn ûnder oaren it jeugdwurk.
Politike partij: ChristenUnie

Ik wurd bliid fan:

minsken te helpen, tsjinstber te wêzen Dat is wat ik eltse dei probearje te dwaan yn it wurk dat ik doch ek troch de polityk. Dêr leit ek myn krêft.

Ik lis wekker fan:

it ûnrjocht yn ús wrâld, dat der minsken binne dy’t oaren it libben net gunne. Dat we ús neisten ferjitte en lizze litte. Gelokkich binne der ek noch in soad dy’t wol noed steane foar har neisten en dat  probearje ik sels ek safolle mooglik te dwaan.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

de fraach kaam oft ik my beskikber stelle woe. Ik wenne op dat momint noch yn Grins en siet dêr yn it bestjoer fan de lokale ChristenUnie. Mar nei in pear petearen wie it wol dúdlik. Mei folle oertsjûging bin ik werom nei myn berteplak kaam en ik bin tankber dat ik my sa ynsette mei foar de mienskip.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

in dúdlike identiteit sjen litte as partij. Tsjinstber, sichtber en aktyf wêze. Derneist ha wy it de lêste tiid gauris oer de "partisipaasjemienskip". Wy wolle graach nei in koöperaasjemienskip. Net de saken oer de hage smite by de boarger. Mar it mei elkoar oppakke as mienskip, bedriuwen, organisaasjes en oerheid.

Op myn nachtkastje leit:

op it stuit net in soad. Mar in boek dat ik op ‘e nei oan it lêzen bin is "People over profit" fan Dale Partridge. Dat giet oer hoe’t je ûndernimme kinne op in manier dy’t de minsken en ús mienskip foarop set. Tige ynspirearjend en in foarbyld foar my as ûndernimmer. Ik soe ek graach sjen dat we as gemeente ditsoarte bedriuwen mear stimulearje en dat sokke bedriuwen harren útsprekke; net om harren sels op it boarst te slaan, mar om oaren te ynspirearjen.

Ik dream fan:

dat we noch mear nei inoar omsjogge. Klearsteane foar ús neiste. In mienskip wêryn’t wy iepen steane foar ferskillen, dêr’t romte is foar identiteit en frijheid om sels te kiezen.

Dit wol ik noch kwyt:

ik kom graach mei jo yn kontakt, ha jo in fraach of ynteresse yn wat ik doch, ik bin te folgjen op twitter @douwehooijenga en jo kinne my e-maile op it adres: dhooijenga@t-diel-info.nl