Jantsje van der Veen-Zeilstra

Home > Eefkes foarstelle > Jantsje van der Veen-Zeilstra

Jantsje van der Veen-Zeilstra

Wenplak: Eastermar
Bertedatum: 15 jannewaris 1978
Berop: ik bin troud mei Jan, in feehâlder. Tegearre drage wy soarch foar it molkfeebedriuw en ús trije opgroeiende bern. Foarhinne wie ik learkrêft yn it basisûnderwiis.
Hobby: iten siede, yn de tún omwrotte en op syn tiid in terraske opsykje mei freondinnen.
Frijwilligerswurk: ik bin ûnder oaren aktyf belutsen by ús tsjerke (de Bethelgemeente yn Drachten), Gastfrij Eastermar en it kristlik jeugdwurk yn ús doarp.
Politike partij: ChristenUnie.

Ik wurd bliid fan:

de sinne. Sadree't it waar it talit, giet de túndoar iepen en libje wy bûtendoar.

Ik lis wekker fan:

der is net in soad dat my út de sliêp hâlde kin, of der moatte soargen wêze om ien fan de bern.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

wy ús mienskip meiinoar foarm jaan moatte. Elts draacht dêr op syn eigen wize oan by. Dit kaam op myn paad, en ik bin de útdaging oangien om as riedslid myn stientsje by te dragen. Binnen de ChristenUnie fyn ik minsken dy’t it foarbyld fan Jezus folgje wolle en fanút in tsjinstbere hâlding polityk bedriuwe. Dêr fiel ik my by thús!

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

each ha foar minsken yn in kwetsbere sitewaasje en opkomme foar har belangen. As it no giet om âlderen, bêrn, flechtlingen of minsken dy’t te krijen ha mei sykte of skulden. Elts minske is fan deselde wearde!

Op myn nachtkastje leit:

myn Fryske Bibel.

Ik dream derfan om:

te reizgjen. In rûnreis troch Noard Amerika, in besite oan alle bysûndere plakken yn Israël of it moetsjen fan ús sponsorberntsje yn Indonesië. Mar foarearst hâlde we it wat tichter by hûs.

Dit wol ik noch kwyt:

Ien fan myn libbensmotto’s is ‘Van geven word je rijk!’ Wy ha allegear wat krigen dat we trochjaan kinne. Dêr helpe we net allinich in oar mei, it makket ússels ek rike minksen!

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Graach! Jo kinne my maile op it adres: jvanderveen@t-diel-info.nl