Lamina Westerdijk-Dam

Home > Eefkes foarstelle > Lamina Westerdijk-Dam

Lamina Westerdijk-Dam

Wenplak: Earnewâld
Bertedatum: 29 augustus 1962
Berop: wettersportûndernimmer yn Earnewâld
Hobby's: farre, kuierje, lêze
Frijwilligerswurk: boekhâlding PKN-tsjerke, organisaasje 4 maaiebetinking, mei in list rinne foar it Fonds Verstandelijk Gehandicapten (allegear yn Earnewâld). Dêrnjônken lid fan de PR-kommisje by de Kuorbalferiening VenV Garyp. Bloeddonor.
Politike partij: CDA

Ik wurd bliid fan:

in snein, famylje om my hinne, moai waar en al hielendal as de sinne dan ek noch skynt.

Ik lis wekker fan:

neat, want ik kin goed sliepe.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik dêr foar frege bin. Want ik hie it noait foar mysels betocht. It is foar my in moaie ûnderfining en de lokale oerheid - de gemeente - stiet it tichtst by de minsken.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik hjir foar frege bin. Want ik hie it noait foar my sels betocht. It is foar my in moaie ûnderfining en de lokale oerheid de gemeente, stiet it tichtst by de minsken.
It CDA, de partij dêr't ik al lang lid fan bin, is de politike partij dy't it bêste by my past en my oansprekt.Utgean fan de eigen krêft fan de minsken en mienskip bygelyks: as it kin jo sels rêde. It CDA is in partij dy’t tige hechtet en opkomt foar noarmen en wearden, dat fyn ik wichtich.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

sa folle mooglik realisearje fan it ferkiezingsprogramma fan it CDA yn ús gemeente en wy binne as fraksje drok dwaande!

Myn grutste ambysje is: dat der gjin grutte frachtskippen fan 110 meter lang dwers troch it Nasjonaal Park De Alde Feanen tichteby Earnewâld fán en néi Drachten ta farre. It moaiste soe neffens my wêze as dy bedriuwen yn Drachten in oar plak krije oan goede ynfrastruktuer op it bedriuwenterrein by Skûlenboarch, oan it Prinses Margrietkanaal. Dat kanaal wurdt no geskikt makke foar dy grutte frachtskippen. Want ferfier oer it wetter is de skjinste en bêste wize om fracht te ferfieren.

Op myn nachtkastje stiet:

myn radio. In geweldich medium, noch altyd!

Ik dream fan:

in hiele simmer lang moai te farren mei ús boatsje troch Fryslân. Want Fryslân fyn ik fan it wetter ôf besjoen nóch moaier.

Dit wol ik noch kwyt:

dat ik bliid bin dat myn widze yn Burgum stien hat en dat ik opgroeid, wenje en wurkje yn ús moaie plattelânsgemeente.
No wenje ik yn Earnewâld en dat is bêst genôch!

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Graach! Jo kinne my maile op it adres: lwesterdijk@t-diel-info.nl