Piet Reitsma

Home > Eefkes foarstelle > Piet Reitsma

Piet Reitsma

Wenplak: Oentsjerk
Bertedatum: 3 july 1950
Berop: mei pensjoen
Hobby: bridge, mar dêr ha ik net folle tiid foar
Frijwilligerswurk: ik sit al 16 jier yn de redaksje fan www.trynwalden.nl
Politike partij: FNP

Ik wurd bliid fan:

moai waar en noflike minsken.

Ik lis wekker fan....

Ik kin hiel goed sliepe. Jûns gau de twadde foet op bêd, oars wurdt ik moarns wekker mei in foet neist it bêd.... 

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik meiprate en besluten nimme wol te'n geunste fan de gemeente Tytsjerksteradiel en har ynwenners. Ik sil besykje dizze gemeente moai te hâlden krekt sa as de FNP dat foar hiel Fryslân wol.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

safolle mooglik de foarsjenningen oerein hâlde en de kosten foar de boarger beheine.

Op myn nachtkastje leit:

neat! Ik ha in bêdsplanke en dêr leit gjin boek op......gjin tiid om te lêzen.....

Ik dream fan:

ik wit moarns net oft ik - en sa ja - wat ik dreamd ha. Foar de takomst dream ik dat by de gemeenteriedsferkiezingen yn 2018 de measte minsken op de FNP stimme sille!

Dit wol ik noch kwyt:

ik sit yn de ried fan in prachtige gemeente en ik set my graach yn om dat sa te hâlden.

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Jo kinne my maile op it adres: preitsma@t-diel-info.nl