Rinze Eizema

Home > Eefkes foarstelle > Rinze Eizema

Rinze Eizema

Wenplak: Burgum

Bertedatum: 14 jannewaris 1949

Berop: mei pensjoen

Hobby: tennisje, fytse, reizgje

Politike partij: PvdA

Ik wurd bliid fan:

bern dy't yn frijheid en wolfeart opgroeie

Ik lis wekker fan:

neat, ik sliep goed. Mar ik ergerje my wol oan de hieltyd mear tanimmende ûngelikensheid, yn Nederlân en yn de rest fan de wrâld.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik sosjaal-demokraat bin en dy wearden útdrage kin fia de polityk.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

der ta bydrage dat elkenien yn ús gemeente in fatsoenlik bestean hat.

Op myn nachtkastje leit:

it boek 'Kapitaal in de 21e eeuw' fan de skriuwer Thomas Piketty.

Ik dream fan:

in frije maatskippij dêr't elk frij is om te tinken en te dwaan nei eigen goedtinken sûnder in oar dêr skea mei te dwaan.

Dit wol ik noch kwyt:

der binne hûnderten ferskate foarmen fan religy; it is frjemd dat minsken mei in bepaalde religy meastal foar 100 % wis binne dat dy de iennichst goede is wylst statistysk de kâns dêrta minder is as 1 %.

Ha jo noch in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Graach! Jo kinne my maile op it adres: reizema@t-diel-info.nl