Wijbe Klaas Postma

Home > Eefkes foarstelle > Wijbe Klaas Postma

Wijbe Klaas Postma

Wenplak            : Eastermar
Bertedatum       : 22-09-1947
Berop                : skoalmaster oant augustus 2010, no pensjoneard
Hobby's             : lêze, skriuwe, sjonge, fuotbal (dwaan en sjen) tennis, swimme, fytse, kuierje
Frijwilligerswurk: fluitsje fan jeugdwedstriden V.V. Eastermar, bestjoerswurk foar Stifting It Eastermarder Skûtsje (SIES), lid behearsgroep 'Fuotbalkoai Eastermar', aktiviteiten AZC Burgum
Politike partij      : FNP

Ik wurd bliid fan:

myn pakesizzer Gjalt en (doel-)punten van VVE en SC Heerenveen.

Ik lis wekker fan:

neat, ik bin in sûne slieper.

Ik woe riedslid foar myn partij wurde, omdat:

ik polityk al aktyf wie, dêr aardichheid oan hie en ik frege waard om op 'e kandidatelist.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:

tichtby de minsken stean.

Op myn nachtkastje leit:

myn bril en in boek.

Ik dream fan:

noch in sûn en lang libben mei Swaan, bern, bernsbern en goekunde.

Dit wol ik noch kwyt:

8 kilo.

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo wat oan my kwyt? Graach!

jo kinne my maile op it adres: wkpostma@ried-info.nl