Kollum fan de ried fan Eelke Hoekstra (CDA)

Home > Kollum fan de ried > Kollum fan de ried fan Eelke Hoekstra (CDA)

Kollum fan de ried fan Eelke Hoekstra (CDA)

Gjin geswam fan Van der Zwan?

EASTERMAR - Yn ‘e wike tusken kryst en âld en nij, as de dagen koart en nachten lang binne, is it in gaadlik momint om nei te tinken oer ús lokale oerheid. De lêste tiid hearden wy in soad oer wat der allegearre mis is mei it fertrouwen yn en de belutsenens by politisy en bestjoerders.

De Belgyske filosoof Matthias Lieves is hjir dúdlik oer as hy seit: “Er is een diepe kloof ontstaan tussen mensen die de politiek bedrijven en de massa. Wat ooit een roeping was, is verworden tot een carrièrezet waar je veel geld mee kunt verdienen.” Lieves giet noch fierder troch te sizzen: “We zitten in een democratische vertrouwenscrisis, omdat de burgers ervan overtuigd zijn geraakt dat ze buitenspel worden gezet door politici en bestuurders.”

De fraach is dan ek: hoe kinne wy dit fertrouwen fan de boargers werom krije? Yn ús gemeente krije de boargers de mooglikheid oanbean om diel te nimmen oan de Kursus Politiek Actief oer de lokale polityk. Lokkich is dêr in soad belangstelling foar, sadat der sels twa groepen foarme binne. Myn eigen ûnderfining is dat minsken yn kontakt komme moatte mei it wurk fan de lokale politisy en bestjoerders om mear begryp en ynsjoch te krijen yn harren taken en wurksumheden.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearenfeen fynt dat it tiid is foar mear direkte demokrasy en leit dat sá út: “Een door de inwoners gekozen burgemeester zou ook zijn eigen wethoudersteam moeten kiezen. Wie tegen dit instrument is, twijfelt eigenlijk aan de denkkracht van zijn eigen inwoners. Bovendien is er wel wat aan te merken op de huidige gang van zaken. Vertegenwoordigers uit de lokale politiek worden bij elkaar gezet en praten twee maal met een door de commissaris van de koning aangedragen burgemeesterskandidaat. Twee keer een gesprek en dat is het. Is dát dan zo geoefend?” Van der Zwan giet noch in stap fierder troch yn neifolging van de auteur David van Reybrouck (Boek – Tegen Verkiezingen) te stellen dat it it wurdich is yn beried te nimmen om in part fan de gemeenteried (10 of 15 prosint) troch lotsjen yn te foljen. Mar 2 prosint fan de Nederlanners is lid fan in politike partij. Lotsje soe it gefoel fan belutsenens by de riedsbeslissingen fergrutsje kinne. Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân is fan miening dat lotsjen no net bepaald wat is dat by  Nederlân heart. “We hebben eeuwen gedaan over de invulling van onze democratie, ons staatbestel. Dat verander je niet zomaar.”

Sa lang as lykwols de boarger gjin direkte ynfloed hat op de beneaming fan de wethâlder en de beneaming fan de boargemaster is neffens Nico Portegijs yn Raadsledennieuws “Het raadslid de ankerpaal van de lokale democratie”. It útgongspunt moat dan ek wêze: lokaal wat kin, boppelokaal wat moat!

Ik winskje ús allegearre in polityk belutsen 2017 ta!


Eelke Hoekstra
e-mailadres: ehoekstra@t-diel-info.nl