Kollum fan de ried fan Freddy de Haan (FNP)

Home > Kollum fan de ried > Kollum fan de ried fan Freddy de Haan (FNP)

Kollum fan de ried fan Freddy de Haan (FNP)

Ik bin der hielendal klear mei.

Klear! Klear bin ik dermei! Mei dy “one-liners” en diskusjes oer tradysje en it bernefeest. Men rekket der net oer útpraat, mieningen rolje oer elkoar hinne en faak ek noch op in tige agressive manier. De politikus kriget in soad oandacht mei “one-liners” en de media geane der happich op yn en dermei op ‘e rin. Mar de polityk is safolle mear en moat ek mear weze as in “one-liner”.

It liket wol hoe hurder as men raast, hoe mear’t men bepale kin en mear meirinners kriget, mar sa wurket it fansels net.
Ik bliuw fier by de “one-liners” wei. As minske wol ik graach tusken de minsken stean mei respekt foar elkenien, wat syn of har miening of opfetting ek is. In iepen ear foar de mienskip, dêr giet it my om.  
En dan makket it net út oft it om de wynboer, de kok, de izerflechter giet, of om de hoteleigner, de kroechbaas, de wurker yn de sûnenssoarch, de studint of dejinge dy’t mei pensjoen is. Ik besykje der te wêzen: as minske en as jimme riedslid.

Hâld op mei dy “one-liners”! Dat is wat ik sizze wol. Waai net mei alle winen mei, mar bepaal dyn eigen koers, stean foar watsto bist en wêze wolst. Sjoch nei wat ús bynt!! Sjoch nei ús taal en kultuer en tradysje, meitsje dy dêr sterk foar, meitsje dy sterk foar Fryslân, Tytsjerksteradiel, dyn doarp en dyn strjitte. Dat doch ik ek en dêr gean ik mei troch!

Dêrom freegje ik dy om yn petear te bliuwen,  sûnder direkt in foaroardiel te hawwen, sûnder de skellerij……. Gjin muorren yn ús mienskip, mar begryp en tolerânsje, dêr gean ik foar.
Do dochs ek?!!

Freddy de Haan

fdehaan@t-diel-info.nl