Kollum fan de ried fan Piet Reitsma (FNP)

Home > Kollum fan de ried > Kollum fan de ried fan Piet Reitsma (FNP)

Kollum fan de ried fan Piet Reitsma (FNP)

Ik ha yn it ramt fan de kommende betinkingsdagen in gedicht fan Coert Poort, dat my oanspruts, nei myn eigen ynterpretaasje bewurke yn it Frysk.

Momint foar minsken

Minsken socht om de frede te learen dêr’t geweld de iuwen troch model stien hat.
Minsken socht dy’t de diken markearje wêrop’t alles wat libben hat fierder gean kin.
Minsken socht om de needklok te lieden en om tsjin de waansin de strjitte op te gean.
Minsken socht om de tekens oan te jaan dy’t allinne noch moedwillich ferkeard te ferstean binne.
Minsken socht om de nekke út te stekken foar in oare tiid en in nije moraal.
Minsken socht mei hannen om izer te brekken ek al liket it net te dwaan en paradoksaal.

Minsken socht dy’t harren stim ferheffe, ferbjustere troch in wapen dat gjinien ûntsjocht.
Minsken socht dy’t helder de wierheid foar eagen ha dat wa’t op in oar mikt himsels ek sjit.
Minsken socht dy’t yn de namme fan de frede foar it behâld fan de wrâld en al wat der op libbet wapens it leafst ta in ploege smeie wolle foar in risping dy’t allegearre mear oerfloed jout.
Minsken socht, der wurde minsken socht, mei klam minsken socht.
Minsken yn de rûnte fan minsken socht.....

Ik soe graach in gadingmakker wêze wolle, jo ek??

Piet Reitsma.
Foarsitter FNP-fraksje Tytsjerksteradiel
preitsma@t-diel-info.nl