Kollum fan de ried fan Rommert Dijk (FNP)

Home > Kollum fan de ried > Kollum fan de ried fan Rommert Dijk (FNP)

Kollum fan de ried fan Rommert Dijk (FNP)

De raadsleden van Tytsjerksteradiel schrijven bij toerbeurt een column over een onderwerp dat hen aanspreekt. We plaatsen de teksten hier. Wilt u reageren: graag!

Foarút sjen, trochpakke en útein sette…

De sifers litte in dúdlik byld sjen foar de takomst  fan Noard Nederlân: de befolking sil fergriizje en ôfnimme. In dúdlike fyzje oer dit takomstbyld helpt by it meitsjen fan keuzes oer wat we wol en net behâlde wolle.

Karakteristike gebouwen dy’t mooglik leech komme te stean fertsjinje ús omtinken; se binne fan belang as werkenningspunt foar de omjouwing. Binne weardefol foar omwenners en monumintaal troch arsjitektuer en histoarje.

In goed slagge foarbyld fan it suksesfol opnij brûken fan in âld yndustrieel gebou fine wy tichteby. Johan Timmermans hat yn syn doarp Garyp mei fyzje de âld molkfabryk “De Eendracht” oankocht.  En dy mei passy ûnderhannen naam en ferboud ta wenappartementen en as romte foar soarchynstânsjes. It risseltaat is net yn jild út te drukken.

Wat is it moai bygelyks dat de Protestantse Gemeente yn Burgum al in fyzje op har tsjerklike gebouwen ûntwikkele hat. En op basis dêrfan de moed hie om troch te pakken en mei Gemeente Tytsjerksteradiel op tiid te oerlizzen oer in nije bestimming foar in byldbepalend Glinstra State. Fansels spylje der by sa’n proses gefoelichheden. Mar wat is weardefol dat dit histoaryske  erfgoed in nije funksje kriget. En dan ek noch wol  binnen it sosjale maatskiplik libben yn de doarpsmienskip.

Wier… in boppeslach!

Rommert Dijk (FNP)
rdijk@t-diel-info.nl

12 oktober 2016